Dorpskrant juli is uit

De dorpskrant van juni is uit.

Wetterwille yn Raerd Ien fan dy eptige wylgen oan ‘e Aldfeart moast der oan leauwe, “Wat moat dat?“ sille guon doe tocht hawwe, mar doe’t der op dat plak in frachtfol sân delkipere waard, wie de bedoeling al gau dúdlik: Raerd krige in echt strân! En krekt yn in tiid dat it jongfolk harren frijheid foar in grut part ûntnaam is, docht it fertuten, en hoe!!! It kwik hoecht net iens botte heech op te rinnen of it rint, draaft ropt en raast dêr dat it in leave lust is.
Doe’t it om ús hinne sa aklich stil wie hearde soks jin as muzyk yn de earen fansels en it skuorde it de beachboys en -girls fan ús doarp der trochhinne. Yn Rio de Janeiro hawwe se harren Copacabana mar wy hawwe hjir no in bytsje ús eigen LYTSE IBIZA, Hulde!!!