Rutger van der Meer (39) fan Raerd hat freedtemoarn om healwei njoggenen it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert fûn. Van der Meer seach it aaike lizzen yn in stik greide tusken Grou en Jirnsum. Hy mei kommende wike nei it gemeentehûs yn Ljouwert. Boargemaster Crone sil him dêr ûntfange om him te lokwinksjen en de oarkonde te oerlangjen.

bron: www.omropfryslan.nl