Ofdieling Reduzum, Idaerd, Eagum, Friens, Wytgaard en Raerd

Woansdeitejûn 10 septimber wie der in tige slagge ynfo-jûn by de Vrouwen van Nu.

Wat in grutte opkomst fan froulju op de ynfojûn. In protte âlde bekinden mar ek in pear nije gesichten. Altiden leuk om nije minsken te moetsje. Mei in bakje kofje as tee en wat lekkers fansels, koe men noflik byprate.
De froulju koene dizze jûn efkes mei dwaan oan de nijste raazje ûnder de jeugd, it Loomen. Leuke earmbandsje fan moaie kleurkes wie it risseltaat.
Der wie ek in soad flecht op ‘e koai foar opjeftes foar de workshops. Om’t der in soad opjeftes binne, geane alle workshops foar kommend winterskoft troch.

In topper wie ‘Kreatyf mei klaai’ mei Arjanne Liefaard fan klei-atelier ‘de Knappe Kop’ . Troch it grut tal ynskriuwings kinne we mei trije groepen dizze workshop dwaan.
Foar de measte workshops jildt dat der noch wol ynskreaun wurde kin.
Utsein de workshop ‘ynsektenhotel meitsje’. Nei de winter reitsje de ynsekten yn alle túnen grif hielendal hotel-de-botel mei harren nije ûnderkommen.

  • Krystknutsels meitsje. Bring jo hûs yn krystsfear troch orizjinele eigenmakke krystknutsels mei de froulju fan de Tinktank, op tongersdei 20 novimber yn it Lokaal om 19.30 oere.
  • In krystskikking meitsje mei Sjoukje Jonker. op woansdei 17 desimber om 19.30 oere yn kantine.
  • Kreatyf mei klaai mei Arjanne Liefaard fan klei-atelier ‘de Knappe Kop’, op moandei 16 febrewaris om 19.30 oere yn de Greidhôf yn Reduzum.
  • Voorjaar in je bol. In foarjiersskikking meitsje mei Grietsje de Vries fan Atelier Oleanders yn Jirnsum, op tiisdei 17 maart om 13.30 oere. By genôch dielname kin der ek jûns in workshop organisearre wurde
  • Insektenhotel meitsje. De ynsekten yn jo tún reitsje hielendal hotel de botel mei dit nije ûnderkommen, op tongersdei 16 april om 19.30 yn it Lokaal.