MUSYK ÚTFIERING
Op snein 22 maart fûn de jierlikse PI-ANNIE musyk útfiering plak.
Middeis wie it gesellich drok yn ús doarpshûs mei dielnimmers, famylje, freonen en freondinnen.
It wie spitich dat twa “pianisten” út Raerd harren siik ôfmeld hiene.
Wikenlang ha de bern oan it oefenjen west, want tidens de útfiering moat alles fansels wol nei’t sin klinke. En wat seagen se der allegear wer moai út: Reade lipkes, ferve neilen en fan alles en noch wat yn’t hier.
It waard in tige ôfwikseljend programma:
Pyxie Lukkes spile op de gitaar en song dêr ek har sels makke teksten by;sa ek Fardau Tjalsma, dy’t by de piano graach har eigen makke teksten sjongt . (juf Annie moat dan wol efkes meisjonge hjer, oars is it wol eng).
Leona van Dam hie it mar drok: Se die mei op piano, klokkenspel en allerhande oare instruminten.
En dan wiene der noch 4 AMV(algemene muzikale vorming) dielnimmers: Doutsen Hospes, Leona van Dam, Brecht de Groot en Rosanna Groen. Se pilen de stjerren fan ‘e himel!; te witten, in tal bernelietsjes op klokkenspel, hielendal allinne mar ek tagelyk. Dizze bern giene ek yn polonaise as in wier musykkorps troch de seal; se songen Doep, doep, doep, mei help fan schudeieren en kazooka’s(in kazooka is in soarte fan fluitsje wêr troch dyn stim yn in bromgelûd feroaret. Se spilen ek op BOOMWHACKERS( dit binne 8 kleurde buizen, dy’t in toanljedder foarmje). De bern lieten dat ek hearre, sa ek twastimmige klanken. Mar kinst dysels of in oar der ek mei foar de kont of foar de kop slaan! Ja wier, dan kinst ek op dizze wize ek in lietsje spylje! ( nee, it docht net sear, want de buizen binne gewoan fan plastik).
Fierder wiene der ek noch dielnimmers út Akkrum en Grou.Sa liet Rein van de Meer ús genietsje fan in klankspul: “De betoverde bomen”; mei help fan instumenten liet hy ferskate boskgelûden hearre en fertelde juf Annie it bypassende ferhaal.
En de peaskeaaikes ha ek bêst smakke, want nei ôfrin wiene 2 kilo aaikes hielendal op!
Al mei al wer in prachtige musykmiddei en we sjogge út nei de folgjende útfiering yn 2016!
Pi-Annie