- Dit evenement is voorbij.
Pake Titus Boere museum iepen
29 december 2013 @ 13:00 - 16:30
Pake Titus Boere Museum yn Raerd wer iepen.
Yn de lêste wike fan it jier ha ik `t museum wer iepen foar besichtiging.
It Pake Titus Boere Museum stiet by Titus de Wolff yn de pleats op Flânsum 5 en stiet fol mei it boerereau fan froeger.
It is allegear ark en reau dat heit, pake en oerpake op dizze pleats brûkt ha. It is almeast hânark en it swit sit der noch op en de ferhalen hingje der noch oan.
Wat ha se der wat mei ôfwrotten.
Der is ek noch in Beppe Sjieuwke Keamer, dy ’t noch aardich yn âlde steat is en mei moai nijsgjirrich guod yn de kasten.
iepen fan 13.00 oere oan ’t 16.30 oere,
fan 26 dec. oan ’t en mei 31 dec.
De entree is fergees by Titus de Wolff
Titus de Wolff, Flansum 5, 9012 DC Raerd