In Ried waard hjoed strieden om it NK Pupillenfamkes 10-12 jier. Op’e wedstrydlist stienen 17 partoeren en yn’e earste omloop kaam Raerd, mei Marrit, Ilse en Nika, út tsjin yn St. Annaparochie. It waard 5-3. De twadde omloop wie tsjin ien fan’e favoryten: Dronryp en ek dizze wûnen se mei 5-4 en 6-6. De tredde omloop tsjin Ee waard 4-5 en 2-6 en dat betsjutte dat de Raerder famkes yn’e finale stienen.

De tsjinstander yn’e finale wie Menaam en ek dizze leatste partij wûnen Marrit, Ilse en Nyka (5-4 en 6-4). En dat makke se Nederlânsk Kampioen Pupillenfamkes, in prachtige prestaasje! Yn Raerd gongen de flaggen út, waarden de famkes feestlik binnen helle by it sportfjild en makken se in rûnrit troch Raerd.

foto: Henk Boostma
bron: knkb.nl