‘It Jubileum’
Dit jier steane Jan Arendz en Marijke Geertsma 40 jier op de planken.
Om dit te fieren komme se mei in sels skreaun stik oer in akteursechtpear, dat ek jubilearret.
Dy akteurs hawwe harren 60-jierrich-jubileum, yn 2034. De man (Jan) wol dit unike jubileum fiere,
de frou (Marijke) hat der gjin nocht mear oan.
Dizze foarstelling is foar in part basearre op de stikken, dy’t se spile ha. Tagelyk hawwe dy stikken ynfloed hân op har deistich libben, lykas it akteur-wêzen dat ek hân hat. Ommers, se binne net allinne kollega’s, mar ek en foaral man en frou. Sa is ‘It Jubileum’ suver in kronyk, net alllinne fan it (toaniel)libben fan in akteursechtpear, mar ek fan it Fryske kulturele libben, fan it feroarjende Fryslân. In kronyk fan it libben –harren libben- tusken 1974 en 2034.
De rezjy fan ‘It Jubileum ‘ is yn hannen fan Bruun Kuijt
Doarpshûs ‘De Trijesprong’ Raerd
14 december 15:00 uur
Entree €15,-
Voorverkoop: acdoarpshus@hotmail.nl /0625361343